Wikel, yn it hollânsk skreaun as Wijckel, is een leaflik plakje tusken Balk en it alvestêdenstêdtsje Sleat.
Tige bij tige geskikt foar leafhawwers fan wetter en natuer troch har unike lizzing oan it Sleattermar. En dat is net alles ….
Histoarje, kultuer en sport
Middelpunt is de tsjerke yn de Buorren mei it prealgrêf fan de ferneamde festingbouwer ”Menno Baron van Coehoorn”. Dizze tsjerke leit oan de râne fan it ”Van Coehoornbosk”.
Eartiids de residinsje fan ”Menno van Coehoorn”.
No lizze hjir een prachtich beskutte iisbaan en it kuorbalfjild fan ”DTG”.
Rekreaesje, ûnderwiis en doarpsbelang
”Camping ‘t Hop” efter it bosk is neamd nei it kastiel fan de froegere baron ”Meerenstein”.
Wikel hat twa buorkerijcampings, de ”Tjasker” en de ”Jachtlusthoeve”.
Basisskoalle ”De Regenboog” stiet yn it sintrum fan it doarp en telt 70 learlingen. Yn ”Gebouw Irene” binne altyd een hiele protte aktiviteiten. Sjoch mar nei de ”Agenda”.
Wikel is een prachtich doarp, mei prachtige minsken.
Kom mar es lâns en meitsje ‘t sels mei. Oant sjen!
|