Wolkom op de website fan Wikel
Wikel, yn it hollânsk skreaun as Wijckel, is in leaflik plakje tusken Balk en it alvestêdenstêdtsje Sleat. Tige bij tige geskikt foar leafhawwers fan wetter en natuer troch har unike lizzing oan it Sleattermar. En dat is net alles ….
Histoarje, kultuer en sport
Middelpunt is de tsjerke yn de Buorren mei it prealgrêf fan de ferneamde festingbouwer ”Menno Baron van Coehoorn”. Dizze tsjerke leit oan de râne fan it ”Van Coehoornbosk”. Eartiids de residinsje fan ”Menno van Coehoorn”.
No lizze hjir een prachtich beskutte iisbaan en it kuorbalfjild fan ”DTG”. Muzykferiening Melodia, in fanfare orkest oprjochten yn 1930, kin har partij wol meiblaze. Besjoch hjir de doarpsfilm 1959-1960 fan it Frysk Filmarchyf.
Rekreaesje en mienskip
Wikel hat twa buorkerijcampings, ”de Tjasker” en de ”Jachtlusthoeve”. Tsjinoer de tsjerke kinne jo eefkes bykommen yn de teetún. Yn doarpshûs ”Irene” binne altyd in hiele protte aktiviteiten. Sjoch mar nei de ”Agenda”.
Wikel is in prachtich doarp, mei prachtige minsken.
Kom marris del en meitsje ‘t sels mei. Oant sjen!